Ljouwert dekôr fan WK damjen tusken útdager Boomstra en titelhâlder Schwarzmann

28 des 2018 - 16:58

Utdager Roel Boomstra fan Grins en wrâldkampioen Alexander Schwarzman út Ruslân ha freedtemiddei yn Ljouwert harren earste partij spile yn de match om de wrâldtitel. Dy earste partij, yn it dekôr fan it Stadhouderlijk Hof, is freed yn remize einige. De 25-jierrige Boomstra hat yn totaal tolve partijen de kâns de 51-jierrige Schwarzman te ferslaan.

De WK-match, in twakamp dus, wurdt yn trije plakken spile. Ljouwert, Grins en Assen krije allegearre fjouwer partijen. De earste fjouwer binne yn Ljouwert: trije kear yn it Stadhouderlijk Hof en ien kear yn Tresoar.

Op 12 jannewaris is yn Assen de lêste ronde. Mocht it dan noch gelyk stean, dan wurdt der op 13 jannewaris in barraazje spile, wêrnei't de nije wrâldkampioen bekend is.

Boomsma (links) en Schwarzman - Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Boomstra hat earder wrâldkampioen west. Hy wûn yn 2016 de titel troch in oerwinning op Jan Groenendijk út Wageningen. Dêrmei waard Boomstra de earste Nederlânske wrâldkampioen nei Harm Wiersma fan Ljouwert, dy't syn lêste mondiale titel yn 1984 helle. Wiersma iepene it WK freed yn Ljouwert.

(advertinsje)