Fjoerwurkferkeap wer úteinset, yn Drachten al om middernacht

28 des 2018 - 16:25

Leafhawwers fan fjoerwurk kinne harren hert wer ophelje. De ferkeap fan knallers en fjoerpylken is freed wer úteinset. Yn Drachten koene minsken al hiel betiid telâne, want om 12.00 oere nachts gie de winkel fan Veneboer fuortendaliks al iepen.

Eigener Jentinus Veneboer hat dit dien, omdat hy bliid is mei it beslút fan de gemeente Smellingerlân dat winkels sûnt dit jier langer iepen wêze meie. De gemeente hat lang fêst hâlden oan de sneinsrêst, wêrtroch't winkels op dy dei net iepen mochten.

Yn totaal wiene der yn de nacht fan tongersdei op freed ûngefear fyftich klanten dy't fjoerwurk kochten. It fjoerwurk mei, krekt as oare jierren, pas op 31 desimber nei 18.00 oere ôfstutsen wurde.

Trefwurden: 
Drachten ferkeap fjoerwurk
(advertinsje)
(advertinsje)