De Spitkeet op De Harkema draait goed jier

It wie in goed jier foar it iepenloftmuseum De Spitkeet op De Harkema. By de snertkuiertocht koe it dizze wike de 20.000e besiker ûntfange. Der wiene yn 2018 mear besikers as oare jierren en se kamen út it hiele lân wei, meldt it museum. Yn 2017 kamen der 16.000 besikers.
Foarsitter Jarig Wijma en de 20.000e besiker Anneke Wolthuis út Broeksterwâld © Anneke van der Veer
De 20.000e besiker wie Anneke Wolthuis út Broeksterwâld. Sy krige in kado út hannen fan foarsitter Jarig Wijma fan De Spitkeet. Mooglik hat it kulturele haadstêdjier in bydrage levere oan it sukses fan it iepenloftmuseum.
De Spitkeet draait op frijwilligers en sûnder subsydzje.