Bioboeren stappe nei rjochter fanwege fosfaatrjochten

Meardere biologyske boeren sille it stelsel fan fosfaatrjochten oanfjochtsje. Se begjinne in rjochtsaak tsjin lânbouminister Carola Schouten. Om dy rjochtsaak betelje te kinnen, hat in oantal boeren in crowdfundingsaksje opset.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Ien fan de inisjatyfnimmers fan de crowdfundingsaksje is biologysk melkfeehâlder Roel Oostra. "We ha in oantal kearen nei Den Haag en Brussel west, mar dat hat net holpen", fertelt Oostra. "Dan moatte we dit no mar ris probearje." Neffens Oostra is it net earlik dat de biologyske boer en de gongbere boeren harren oan deselde fosfaatregeling hâlde moatte, wylst biologyske boeren mear as genôch lân hawwe om de dong fan it eigen fee kwyt te kinnen.
De bioboer kin der neffens Oostra neat oan dwaan dat der in oerskot oan fosfaat is yn Nederlân. "Mar de bioboer moat wol meibetelje oan it stelsel fan fosfaatrjochten. It is in bytsje as oft je op de sneldyk ride dêr't je 120 meie. Dêr krije auto's dy't 180 ride in boete, mar om't se dochs dwaande binne, krije de auto's dy't 100 ride ek in boete", leit Oostra út.

Advokaat betelje

De crowdfundingsaksje is krekt foar de krystdagen úteinset troch sa'n hûndert bioboeren út it hiele lân. It doel is om 60.000 euro op te heljen, sadat de advokaat betelle wurde kin. "We hawwe in goede advokaat oannaam, dy't spesjalisearre is op dit mêd. Hy hjit Martijn de Winter", fertelt Oostra. Der is yntusken mear as 1.600 euro ophelle. De aksje sil noch in oantal moannen rinne.