Nina Hiddema beneamd ta nije direkteur fan Omrop Fryslân

28 des 2018 - 14:05

Ynterim-direkteur fan Omrop Fryslân, Nina Hiddema (55) is troch de ried fan kommissarissen beneamd ta direkteur fan de Fryske omrop. De beneaming giet op 1 jannewaris 2019 yn. Hiddema wie al sûnt maaie fan dit jier oan it wurk as ynterim. Sy folget Jan Koster op, dy't yn maaie ôfskie naam fan de Omrop.

Foto: Omrop Fryslân

Hiddema seit dat se de Omrop yn de ôfrûne moannen kennen leard hat as in moaie en bysûndere organisaasje. "Ik set my dan ek graach de kommende jierren yn foar Omrop Fryslân en dizze moaie provinsje en har ynwenners. Ik sjoch der ek nei út om takom jier nei Fryslân te ferhúzjen."

Direkteur Nina Hiddema yn Weistra op wei

Ton Baas, foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan Omrop Fryslân: "Mei de definitive oanstelling fan Nina Hiddema soargje we foar kontinuïteit by de Omrop. Dêrmei kin de blik wer foarút rjochte wurde."

Media-ûnderfining

Nina Hiddema wie earder ûnder oare wurksum as ynterim-manager by de Stichting Landgoed Mensinge yn Roden en as direkteur fan Theater Geert Teis yn Stadskanaal. Hiddema hat ek in jierrenlange ûnderfining yn de media. Sa wurke sy as 'hoofd varia' en waarnimmend direkteur by RTV Drenthe en yn ferskate funksjes by lanlike telefyzjeprodusinten en omroppen. Fierder is Nina Hiddema lid fan de ried fan tafersjoch fan de Nederlandse Reisopera yn Enschede en fan Hanzehogeschool Groningen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)