Freedsmerk: "2018? Dat wie in prachtjier!"

28 des 2018 - 13:18

"It wie in prachtich jier, 2018! Wat in reuring yn 'e stêd. Der wie sa'n soad te rêden en der wiene sa'n soad minsken. Geweldich!" Dat wie ien fan de reaksjes dy't we op de freedsmerk in soad optekenje koene. Al wie net eltsenien optein: "Ik fôn 2018 een kutjaar. Der wa niks an, alleen de Reuzen, dat was geweldich."

Foto: Omrop Fryslân, Marijke de Boer

In soad minsken kamen mei persoanlike saken dy't har rekke hiene: in sike dochter; pake en beppe wurde, of in soad nei it sikehûs moatte. Oaren dy't it op dat mêd krekt foar de wyn gie, hiene ek wol each foar oare saken, lykas it slimme ûngelok yn Oss.

De blommeman heugde him benammen it moaie waar en de drûchte: "It hie om my wol wat mear reine mocht. Mar gelokkich ha we soks net yn 'e hân!"

Freedsmerk: Wat foar jier wie 2018?

Trefwurden: 
LF2018 freedsmerk 2018
(advertinsje)
(advertinsje)