Jan Almoes fart al 26 jier op en del: "Het is absoluut niet saai"

28 des 2018 - 13:03

Jan Almoes fart nei 26 jier foar it lêst as kapitein op de fearboat fan Doeksen. Hy sit freed noch trije kear op de brêge om it skip te bestjoeren, mar dêrnei sit it derop. Freed nimme kollega's en passazjiers ôfskie fan him. Almoes hie net ferwachte dat it sa'n spesjale dei wurde soe.

kapitein Jan Almoes - Foto: Rederij Doeksen

"Het is een hele bijzondere dag. Zoveel aandacht had ik echt niet verwacht. Ik werd opgewacht door de bemanning, in een versierde auto", fertelt Almoes. "Ik ben in een bijzonder wit pak gehesen."

Almoes waard ek oansprutsen troch passazjiers. Harren betankjes dogge de kaptein in soad, fertelt er. Hy hat it wurk altyd mei in soad wille dien. De omgong mei passazjiers fynt hy moai, mar it farren fynt hy ek machtich.

No fart de boat altyd deselde rûte en dat soe wolris saai wurde kinne. Dêr is Almoes it beslist net mei iens. "Het is absoluut niet saai. Je bent druk bezig met navigeren, je moet altijd goed opletten. En dat maakt het werk ontzettend leuk."

Berte

De kaptein docht it wurk al jierren, mar wat him foaral bybleaun is, is in berte. Oan board fan de boat tusken Harns en Skylge waard in poppe berne. De swiere mem wie ûnderweis nei it sikehûs yn Harns, mar befoel al op it skip.

Jan Almoes oan it wurd

(Advertinsje)
(Advertinsje)