UPDATE: Twa froulju út Drinte om it libben kaam by slim ûngelok by Easterwâlde

28 des 2018 - 11:12

By in iensidich auto-ûngelok by Easterwâlde binne twa minsken om it libben kaam. It giet om twa 73-jierrige froulju út Annen en Assen. De oare twa ynsittenden, twa mannen fan 76 út deselde plakken, binne ferwûne rekke. Sy binne nei it sikehûs brocht.

Twa minsken om it libben kaam by slim ûngelok by Easterwâlde

It ûngelok barde op de N919, de Schottelenburgwei. De auto wie fan de dyk rekke en yn de berm bedarre.

De dyk hat ôfsletten west. De plysje docht noch ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.

Plysjewurdfierder Anne van der Meer oer it ûngelok

(Advertinsje)
(Advertinsje)