Easterwâlde bakt tûzenen oaljekoeken en appelflappen

28 des 2018 - 10:57

Lykas elts jier organisearret de evenemintekommisje fan tsjerklik sintrum Het Anker yn Easterwâlde oan de ein fan it jier wer har oaljekoeke-aksje. Der binne frachten oan yngrediïnten ynkocht foar it evenemint en de tarissingen binne yn folle gong. By de útfiering fan de aksje binne elts jier wer tsientallen frijwilligers belutsen.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Tûzenen oaljekoeken en hûnderten appelflappen sille der yn de keuken fan Het Anker bakt wurde. Op tongersdeitemoarn gie it skilen, boarjen en snijen fan de goudrenetten foar de appelflappen los. It bakken set op sneon 28 desimber útein.

Fokke Roffel

Fokke Roffel hat al mear as fjirtich jier de lieding oer it oaljekoekbakken. Roffel is al fan 6 oere moarns ôf yn Het Anker. De evenemintekommisje docht dit al goed fjirtich jier en Roffel hat der fan it begjin ôf al by belutsen west. Hy is no dus ek al op jierren. Mar de jongerein hat it altyd drok en is oant no ta net entûsjast foar opfolging. Roffel organisearret ek al fyftich jier in rommelmerk.

De opbringst fan dizze aksje en de rommelmerk is foar Het Anker.

(Advertinsje)
(Advertinsje)