Wêr jouwe de Eastermarders harren lotterij-jild oan út?

28 des 2018 - 08:38

De Eastermarders wûnen op 1 jannewaris in part fan de PostcodeKanjer en sitte der dus waarm by. Mar ek de pleatslike middenstân, lykas oannimmers en putsjemannen kinne har yn 'e hannen wriuwe. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Postcode Loterij ûnder 94 PostcodeKanjer-winners fan Eastermar.

Foto: Omrop Fryslân

Op 1 jannewaris fan dit jier foel de priis fan 53,9 miljoen euro yn it doarp Eastermar. 273 dielnimmers wûnen 76.968 euro it lot. Yn de winnende strjitte waarden bedragen fan 8,9 miljoen en 17,9 miljoen euro wûn.

Ferbouwing

Hast de helte fan de winners yn Eastermar jout oan it hûs ferboud te hawwen. Fan de winners kiest in grut part (83%) foar in oannimmer of putsjeman út de buert. De reden dêrfoar is dat minsken it in fertroud idee fine en dat se op dizze wize de lokale ûndernimmer ek meiprofitearje litte kinne.

Fan de winners dy't wat oan harren hûs feroaren, seit goed in tredde dat se harren hûs duorsumer makke hawwe, troch isolaasje of sinnepanielen

Mear frijheid

76 persint fan de winners seit dat it jild harren mear frijheid jûn hat. In tredde hat it bedrach op harren sparrekken setten. Dêrneist seit hast de helte fan de winners dat se ek oaren holpen hawwe mei it jild dat se wûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)