Sikehûs op tsjillen: ambulânsen wurde hieltyd grutter en swierder

28 des 2018 - 08:00

By Visser Ljouwert wurde de ambulânsen hieltyd grutter en swierder. Visser is de iennichste ambulânsebouwer fan Nederlân en it bedriuw wol de weinen folslein ynrjochtsje nei de winsken fan it ridend personiel, sa meldt it Finansjeel Deiblêd.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Ambulânsen wiene yn de jierren 60 noch lytse wite persoane-auto's, dy't foaral bedoeld wiene foar it transport fan sike minsken. Tsjintwurdich binne it grutte swevelgiele bestelbussen. In oar ferskil is dat noch mar in kwart fan de ambulânseritten ynsetber is foar it ferfier fan sike minsken, de rest is spoedhelp.

Visser

Visser Ljouwert bestiet sûnt 1916 en is de iennichste ambulânsebouwer yn Nederlân. Neist ambulânsen makket it bedriuw ek brânwacht- en definsjeweinen. Yn de wurkpleats wurde alle jierren sa'n tachtich oant hûndert ambulânsen boud. Goed foar ûngefear de helte fan de jieromset fan 20 miljoen euro fan it hiele bedriuw.

Der moat hieltyd mear materiaal en apparatuer mei yn ambulânses. Dus dy wurde hieltyd grutter en swierder. In part fan de ambulânse-útrissing is wetlik foarskreaun. Lykas in brankaar, hertmonitor, soerstofflesse en beäzemingsapparatuer.

Fierder meie ambulânsetsjinsten de ynrjochting sels ynfolje. It personiel wol benammen feilich en ergonomysk ferantwurde wurkje kinne. Dat betsjut dus gruttere auto's, mear bewegingsromte en ôfrûne hoeken. Ek elektryske brankaars binne populêr, om't dy better foar de rêch binne.

Rydles

De nije, grutte ambulânsen hawwe wol ien bykomstichheid. De weinen binne sa grut dat der in oar rydbewiis (C1) foar nedich is. Guon ambulânsebestjoerders sille dus wer op rydles moatte.

Trefwurden: 
Ljouwert ambulânse visser
(Advertinsje)
(Advertinsje)