Kollum: "Nijjierswinsk"

"Sa, we hawwe de krystdagen wer oerlibbe. Ik wit net wat it is en wêrom, mar dat se wer foarby binne, fyn ik dochs altyd it moaist fan dizze dagen. Ik ha der net safolle mei, earlik sein. Utsein dat de dagen langje en we foar myn gefoel hast wer opgean nei it foarjier.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De Toan fan Hilda Talsma
Dochs kin ik net sizze dat wy beroerde krystdagen hân ha. It waar wie te dwaan en earste krystdei waard ik sels wekker wylst de fûgels fluiten. In hearlik gefoel, moarns betiid en we hawwe beide krystdagen lekker iten mei de famyljes. Fierder giet it normale libben hjir wol troch en de bisten skite ek op hillige dagen. Dan is it miskien wol 'holy shit', mar it wurk is der net minder om. Dochs dangelje ik tagelyk ek mar wat om en dêr kin ik mar min oer.
Ik ha dat ek altyd op âldjiersjûn. Op in gewoane dei is it samar tolve oere nachts en op âldjiersjûn wol it mar net opsjitte. Moandeitejûn slute wy 2018 ôf en ik winskje jim allegear in goed en leafdefol nijjier ta, mar ik ha in spesjale winsk foar de minsken dy't de kranten, folders en post besoargje. Ik lies de ôfrûne wike in stikje yn 'e krante fan in mem fan in krantejonge en ik wist presys wat se bedoelde.
Se hie sels de kranten in kear besoarge foar har soan en se hie it oer huzen sûnder ferljochting, stoepkes en ferfelende brievebussen of auto's dy't derfoar steane. Ien fan ús jonges hat ek in skoft de kranten rûnbrocht. Dat wie doe noch middeis, útsein sneons, mar ik ha it ek regelmjittich foar him dien en it is net sa maklik as it liket.
Dêr waard ik wer mei konfrontearre doe't ik de krystkaarten yn Warten besoarge, want doe kaam ik deselde aaklike brievebussen tsjin. Brievebussen dêr'tst Rambo foar hjitte moatst om se iepen te krijen en as't se dan einlings iepen hast, dan sit der ek noch sa'n mislike wc-boarstel achter. As de krante in bytsje wietreind is, dan krijst dy dêr amper fatsoenlik troch.
Der binne ek brievebussen dy't nea lege wurde. Dan is it ek frij lestich om de krante kreas te besoargjen en guon brievebussen binne sa lyts en smel datst skoften stiest te griemen om de krante dertroch te krijen. It is allegear ferlerne tiid. Mei moai waar giet it noch, mar as it reint en stoarmet, dan is it in drama.
Ik kin it my yntinke dat it moarns betiid noch slimmer is en dat soe yn de measte gefallen bêst wol oars kinne. Myn winsk foar 2019 is dan ek dat eltsenien ris in krante, of wat oars, yn syn eigen brievebus docht en dan it leafste moarns ier en betiid yn 'e kjeld, rein en it tsjuster. En ast yn in rychjeshûs wennest, soest eins de buorlju ek efkes dwaan moatte, mei in fyts dy't swiere fytstassen hat.
Dan komst der grif achter dat it ferrekte handich is dat de brievebus flot iepen giet en grut genôch is. Dat it paad goed te berikken is, de stekjes maklik iepen en ticht gean en by in rige huzen is it hiel moai datst oerwippe kinst nei de folgjende brievebus, ynstee fan hieltyd mar dy paadsjes op en del te rinnen. En it is ek hiel noflik as der in nûmer op de bus stiet en er net te heech of te leech hinget.
It komt der eins op del dat ik net allinnich de post- en krantebesoargers in praktysk brievebusjier tawinskje, mar jimme allegear. De wrâld wurdt der in stik moaier troch, echt wier."