Man (31) ferwûne by ûngelok by Wiuwert

28 des 2018 - 07:14

Yn Wiuwert is freedtemoarn in slim ûngelok bard. Op de Froonackerdyk, de N384, rekke in auto fan de dyk, wêrnei't dy op in beam botste. By it ûngelok rekke in man fan 31 slim ferwûne.

Troch ûnbekende oarsaak ferlear de bestjoerder de macht oer it stjoer. Troch de oanriding rekke dy beknypt yn syn auto. De helptsjinsten, wêrûnder de brânwacht fan Mantgum, binne massaal útriden. De brânwacht hat de bestjoerder út syn auto befrijd. Ek is der in traumahelikopter oanwêzich.

De dyk wie beide kanten op ôfsletten. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

(advertinsje)
(advertinsje)