Lange files op It Bilt: nei jierren wer ljocht yn de tsjusterens

27 des 2018 - 22:48

Lange files op It Bilt. It komt net sa faak foar, mar tongersdeitejûn rieden der sa'n tûzen auto's stapfoets troch it gebiet. Se makken ûnderdiel út fan de 'Verlichte Boerderijenroute'. Pleatsen en oare gebouwen lâns de rûte ljochten op troch boulampen en krystfersieringen, om sjen te litten hoe moai it gebiet eins is.

In ferljochte pleats yn Nijebiltsyl - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Eartiids wie it in tradysje, mar yn 2005 waard de rûte foar it lêst riden. No woe in organisaasje der nij libben yn blaze, om it goede jier fan Kulturele Haadstêd te fieren. En mei grut sukses. Arjen Hoogland, foarsitter fan de organisaasje: "We hiene sa'n 750 auto's ferwachte. Der ha wol 1000 west hjoed. It is prachtich!"

Freedtejûn tusken 19.00 en 20.30 kin de rûte ek noch riden wurde. Sneon rydt der in kolonne mei frachtweinen fan it WTC yn Ljouwert nei It Bilt.

Ferslachjouwer Jeroen Boersma ried de rûte ek

(advertinsje)
(advertinsje)