Brânwacht hellet man út wenning fol reek yn Appelskea

27 des 2018 - 21:43

De brânwacht hat tongersdeitejûn in man út in wenning oan de Steegde yn Appelskea rêden. Hy moast mei in ljedder fan de boppeferdjipping helle wurde. It slachtoffer is oerdroegen oan ambulânsepersoniel.

Foto: De Vries Media

De brânwacht wie oproppen omdat de ûnderferdjipping fan it hûs fol reek stie. Dat komt nei alle gedachten troch in kryststikje dat yn brân flein wie. It brantsje wie lyts, mar dêr kaam dus wol in soad reek by frij.

Omdat der in persoan yn it hûs wie waard opskaald nei in middelbrân. De stichting Salvage is oproppen om te helpen by it ôfhanneljen fan de skea.

Trefwurden: 
brân Appelskea
(Advertinsje)
(Advertinsje)