Jier fol ekstremen set Wetterskip Fryslân op de kaart

27 des 2018 - 20:53

It ynstellen fan in bereiningsferbod dizze simmer. Dat wie ien fan de dreechste besluten fan boezembehearder Pier Schaper fan Wetterskip Fryslân. Dizze simmer moast hy fanwegen de drûchte de maatregel ynstelle. It betsjutte dat boeren har gerslân net mear bereine mochten en bouboeren allinnich jûns en nachts. Mids augustus, nei't it in pear dagen reind hie, waard it ferbod wer skrast.

Wetterskip Fryslân op de kaart

Troch: Hayo Bootsma

It wie in jier fol ekstremen foar Pier Schaper. Hy sjocht út oer de Murk yn de rjochting fan de Trynwâlden. By it gemaal njonken de tegeltsjebrêge leit hy út wat in bysûnder jier it wie: "It begûn eins al yn 2017. Doe foel der yn de hjerst de wrâld oan wetter. Op in pear plakken ha we doe ekstra pompen pleatst. Dat hâlde oan oant jannewaris." It betsjutte dat it Hooglandgemaal by Starum hast oeroeren makke en dat ek it Woudagemaal meidraaie moast. Yn febrewaris sloech it om, seit Schaper: "Doe kaam de foarsizzing dat der iis komme koe. We ha alles stillein en we koene ride oant begjin maart."

Foto: Omrop Fryslân

It grûnwetterpeil sakke

De maitiid wie net oars as oare jierren. Yn april foel der noch wat rein, yn maaie wiene der noch wat swiere buien. Dêrnei wie it drûch en waarm. Der foel gjin drip wetter mear oant begjin augustus. Schaper: "Doe begûnen de problemen." De sinne en de waarmte soargen foar in soad ferdamping. It grûnwetterpeil sakke en der waard in grut berop dien op de wetterfoarried yn de Iselmar.

"Yn dy tiid wie ik ien kear yn 'e wike yn Lelystêd, by Rykswettersteat. Dêr praten we dan oer de situaasje en mooglike maatregels. Ik frege doe ek altyd nei hoe sâlt de Iselmar wie." Om't der gjin swiet wetter mear de mar útlitten waard, kaam der allinnich mar sâlt wetter by. It gefolch wie dat de mar hieltyd sâlter waard. Dêr ha se yn Noard-Hollân noch hieltyd lêst fan. It drinkwetterbedriuw hellet dêr in part fan it wetter út de Iselmar en dat is sâlter as de noarm."

Ik ha begrutsjen hân mei de boeren dy't lêst hiene fan it ferbod.

Pier Schaper fan Wetterskip Fryslân

Bereiningsferbod wie in dreech beslút

Doe kaam it momint dat der sjoen wurde moast nei it ferbrûk. Yn Fryslân waard it beslút naam om in foar in part in bereiningsferbod yn te stellen. Gerslân mocht net mear bereind wurde. Bouboeren mochten noch al bereine, mar dan allinnich jûns nei tsien oere en foar moarns acht oer. Schaper: "Dat wie in dreech beslút. Ik ha begrutsjen hân mei de boeren dy't lêst hiene fan it ferbod. Harren belangen waarden skeind. Mar skea oan de risping troch drûchte is net foar te kommen. Stelle je dan sa'n ferbod yn, dan ûntnimme je minsken de hoop noch wat dwaan te kinnen oan in gewaaks. Mar it koe net oars en dat wie gjin maklik beslút."

Dat smiet ek lilke reaksjes op fan boeren, seit Schaper: "Ja, se freegje har ek ôf wêrom't it gerslân net bereind wurde mei, mar de bollefjilden bygelyks al. Dat hat dan te krijen mei it ekonomyske belang. Sa ha we dat regele yn Nederlân. Gers hat minder wearde as bollen. Dat docht sear by ien dy't net bereine mei, wylst syn buorman dat al mei."

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Pier Schaper fan Wetterskip Fryslân

Dreech om wetter oan te fieren yn de polder

Yn de drûge perioade is in oantal saken dúdlik wurden. Sa docht bliken dat it Fryske stelsel fan kanalen en sleatten goed ynrjochte is op it ôffieren fan wetter. Mar krekt oarsom giet it in stik dreger. Schaper: "Yn Fryslân leit in grut wetterstelsel. De fieding út de Iselmar is goed. Mar om dat wetter dan wer goed en rap de polder yn te krijen, is in stik dreger. It wetterstelsel is yn de basis makke foar de ôffier fan wetter."

In oplossing is net fuort foarhannen. De fraach is ek oft dy wol socht wurde moat. "It giet om ekstremen", seit Schaper. "Hoe faak meitsje je dit mei? Is dat dan de ynvestearring wurdich? It kostet in hiel soad jild. Neffens it KNMI ha we hjir ien kear yn de tritich jier mei te krijen. De lêste kear wie yn 1976, mear as fjirtich jier ferlyn. Moatte we dan wat meitsje foar sa'n útsûndering?"

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

It grûnwetter stiet noch hieltyd leech. Alle rein dy't fallen is, hat wol in bytsje holpen "It peil giet stadich wat omheech. We binne der lykwols noch lang net. It bliuwt nedich om wetter fêst te hâlden. We ha seker jannewaris, febrewaris en maart noch wol nedich. En dan begjint it ikkerbouseizoen ek alwer", seit Schaper. "Dan moatte je der wer foar soargje dat de boeren goed op it lân kinne. Is it te wiet, dan kin der net wurke wurde."

Yn maart ferkiezingen foar it Wetterskip

Kommend jier binne der ferkiezingen foar it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân. Dy binne tagelyk mei dy foar Provinsjale Steaten. Dizze ekstreme perioade hat goed west foar de bekendheid fan it wurk fan it wetterskip. Schaper: "As wy ús wurk goed dogge, fernimt net ien der wat fan. Dat is eins wol skande. Alle dagen binne wy dwaande om yn te spyljen op it waar. As dat goed slagget dan binne we ekstremen foar en fernimt net ien der wat fan. Troch de ekstremen fan dit jier wurde je wol sichtber."

(Advertinsje)
(Advertinsje)