CNV net bliid mei regeling Hartman foar wurknimmers

Fakbûn CNV is net tefreden oer de regeling dy't kwekerij Hartman biedt oan de wurknimmers dy't dien krije. Sûnt tongersdei fiert de direksje petearen mei in lytse sechstich minsken. Se krije dêrby in 'ôffloeiïngsregeling' foarlein, mar it fakbûn advisearret dy net te tekenjen. It soe ynhâldlik itselde wêze as it 'sosjaal plan', dat Hartman in wike lyn foarstelde oan CNV. It fakbûn fynt dat fierstente meager: "Een fooi", seit CNV-man Sijtze de Bruine.
© Omrop Fryslân, René Koster
Minsken witte boppedat net wêr't se oan ta binne, fertelt De Bruine. "Mensen zijn geschokt en ongerust. Hoe nu verder. Voor negen op de tien mensen is het de eerste keer dat ze dit meemaken." Hartman soe syn wurknimmers advisearje om de ôffloeiïngsregeling dochs te tekenjen, om't se oars it fuortbestean fan it bedriuw yn gefaar bringe soene. De Bruine: "Je kunt niet tegen mensen zeggen dat ze moeten tekenen om hun collega's niet te duperen. Dat riekt naar chantage."
In wike lyn hat der dus oerlis west tusken Hartman en CNV. Doe hat Hartman in plan oan CNV foarlein, mar dat stelde neffens De Bruine neat foar. "We hebben direct gezegd: dit gaan, kunnen én willen we niet ondertekenen. Het ligt onder het wettelijk minimum. Daarna hebben zij zich beraden, maar nu hebben ze de woorden 'sociaal plan' vervangen door 'afvloeiingsregeling. Inhoudelijk is het precies hetzelfde als het sociale plan dat ze vorige week aan ons voorstelden."
It bedriuw Hartman yn Seisbierrum © Omrop Fryslân, René Koster

Berjocht op krystjûn

Wurknimmers fan Hartman krigen op de jûn foar de krystdagen te hearren oft se op petear komme moasten oer har takomst by it bedriuw. "Toen we vandaag de eerste gesprekken hoorden, hadden we al snel in de gaten dat het sociale plan nu de afvloeiingsregeling is geworden", seit De Bruine.
Ek foar minsken dy't wol by Hartman bliuwe kinne, is de takomst ûnwis, neffens de CNV-man. "Zij zitten in een heel andere situatie: aan de ene kant ben je een beetje opgelucht, maar hoe nu verder? Dat is totaal onduidelijk."

Noch wol trochwurkje

Dejingen dy't al fuort moatte, bliuwe earst noch wol oan it wurk. "De opzegtermijnen variëren van twee tot vier maanden. Het is dus niet zo dat mensen volgende week geen werk meer hebben. Iedereen zal, en dat hebben we ze ook echt gevraagd, aan het werk gaan. Zo straal je in ieder geval uit dat je betrokken bent en dat het aan jou niet zal liggen", seit De Bruine.