By Achtkarspelen belutsen histoarikus Gustaaf Stuiveling (80) ferstoarn

27 des 2018 - 19:44

Histoarikus, skriuwer en dichter Gustaaf Willem Stuiveling is op 80-jierrige leeftiid ferstoarn. Stuiveling waard berne yn Hilversum en wenne lang yn Amsterdam, mar hat him ynset foar ferskate projekten yn Achtkarspelen. Syn heit Garmt Stuiveling kaam út Strobos en wenne lange tiid yn Bûtenpost.

Gustaaf Stuiveling yn 2017 - Foto: Stichting Keunstkrite Twizel

Gustaaf Stuiveling wie de lêste jierren op ôfstân belutsen by de Keunstkrite Twizel fanwegen it literêre keunstprojekt oer syn heit. Dêrfoar joech Stuiveling ferline jier in lêzing yn de herfoarme tsjerke fan Gerkeskleaster. Hy brocht ek geskinken út syn priveekolleksje mei foar de Aldheidkeamer fan Gerkeskleaster-Strobos. Dêr sieten betiid-midsiuwske boaiemfynsten út de regio by.

Stuiveling wie boppedat belutsen by de ynfolling fan de nije kulturele fytsrûte troch de gemeente Achtkarspelen, mei it gedicht 'De Prunus' foar Gerkeskleaster-Strobos.

Skiednis fan Achtkarspelen

Gustaaf Stuiveling wie in 'mediëvist', in histoarikus dy't him taleit op ûndersyk nei de midsiuwske skiedenis. Ek wie er dichter en skriuwer fan koarte ferhalen. In grut diel fan syn libben brocht er troch yn Europa en de Feriene Steaten. Hy woe noch ûndersyk dwaan nei Achtkarspelen yn de midsiuwen. Oer dy perioade is net in soad bekend. Dêrom woe Stuiveling ferhúzje nei it Noarden, mar dat wie fanwege sykte net mooglik.

(Advertinsje)
(Advertinsje)