PvdA yn Smellingerlân siket nije wethâlder

27 des 2018 - 19:01

De Partij van de Arbeid yn de gemeente Smellingerlân is in iepen proseduere start om in nije wethâlder te finen. Dy wurdt de opfolger fan Roel Haverkort, dy't der begjin desimber fanwege 'persoanlike omstannichheden' mei ophold. Haverkort stie doe ek ûnder druk om it nije sosjaal akkoart yn de gemeente. It is de bedoeling dat de nije wethâlder op 1 maart begjint.

It gemeentehûs fan Smellingerlân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De PvdA docht in iepen proseduere, omdat der neffens de partij in protte goede kandidaten binne. Mei in iepen proseduere hopet de partij dat ek oare kandidaten yn byld komme as allinnich minsken út it eigen bekende netwurk.

Der is in beneamingskommisje, mei twa fraksjeleden en in bestjoerslid. Dy pakke de proseduere fierder op en stelle de nije wethâlder foar oan de fraksje. Dêrnei wurdt de kandidaat foarlein oan de gemeenteried.

(advertinsje)
(advertinsje)