FNP komt mei meldpunt foar plattelânstradysjes dy't bedrige wurde

27 des 2018 - 18:30

De FNP begjint in provinsjaal meldpunt om Fryske plattelânstradysjes te stypjen. Troch "trochsketten regeljouwing" en gemeentefúzjes steane dy tradysjes ûnder druk, neffens de partij. As foarbylden neamt de FNP optochten mei fersierde weinen en it karbidsjitten. "Sûnder dy tradysjes binne aanst alle plakken itselde", seit FNP-riedslid Aant Jelle Soepboer fan Dongeradiel. "De tradysjes meitsje ús unyk."

Meldpunt foar tradysjes

It doarpsgefoel wurdt bedrige, mient de partij. De sosjaale koheezje bynt de minsken no noch, mar dat stiet neffens de FNP faai troch gemeenten dy't fusearje en riedsleden dy't har yndekke. "Je moatte minsken en doarpen eigenerskip en ferantwurdlikens jaan", seit Soepboer. "Regels dy't ea betocht binne om by eksessen yngripe te kinnen, wurde no brûkt om op foarhân te hanthavenjen."

Foto: FNP

Soepboer die earder alris in oprop oan de eardere boargemaster fan Dongeradiel, Marga Waanders. Hy en oare jongeren út Nijewier fûnen de regels foar de optochten mei fersierde weinen troch de doarpen te strang. Doe hat der in petear west tusken de partijen, mar dat liket neat op te smiten. "Waanders sei dat der yn 2019 noch riden wurde moat. Mar nettsjinsteande dy tasizzing bliuwe amtners negative advizen útjaan", seit Soepboer. Neffens de FNP liket it der no op dat der gjin tastimming komt foar de optocht fan Eanjum.

FNP yn it kolleezje

De FNP komt yn it kolleezje fan de nije gemeente Noardeast-Fryslân, mar Soepboer fynt it raar dat amtners fan de gemeente "no al stelling nommen ha".

Neffens de FNP ha ek oare plattelânsdoarpen te lijen ûnder regeljouwing. As foarbylden neamt de partij problemen by de keatsferiening yn Bitgum, hege kosten by eveneminten yn Marsum en Kallemooi op Skiermûntseach. En yn doarpen fan it eardere Littenseradiel soe de fergunningferliening foar eveneminten net soepel rinne, nei't de gemeente fusearre is mei Ljouwert.

Mei it meldpunt wol de FNP minsken oproppe om har negative ûnderfiningen mei regeljouwing foar doarpstradysjes te melden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)