Haven Lauwerseach profitearret fan útbaggere Westgat

27 des 2018 - 18:05

De haven fan Lauwerseach is folle drokker wurden sûnt it wetter tusken Skiermûntseach en It Amelân, it Westgat, útbaggere is. Havendirekteur Harm Post seit tsjin RTV Noord dat it tal kotters dat yn de haven komt, mei 40 persint omheechgien is. Earder koene guon fiskersskippen net yn Lauwerseach komme troch it ûndjippe Westgat.

De haven fan Lauwerseach - Foto: Rykswettersteat

"We sjogge dat sân Noardsee-kotters no weromkommen binne", seit Post. "We hoopje dat dat tal it takom jier ferdûbelet."

Mear redenen

De drokte op Lauwerseach komt ek trochdat de haven fan Lauwerseach in handich plak is foar skippen dy't ûnderhâldsmonteurs stjoere nei it wynpark Gemini, noardlik fan Skiermûntseach.

Boppedat hat it in goed jier west foar garnalefiskers. Dat fernimme se ek yn de haven. De fiskers dogge bygelyks ûnderhâld oan de motoaren en fernije de netten. Alles bynioar is de aktiviteit yn de haven mei sa'n sechstich persint omheechgien, tinkt Post.

En no?

No is it de fraach oft it Westgat djip bliuwt, of dat it gau wer tichtsliket. Post: "De meningen daarover lopen uiteen. Er is een groep die zegt dat het systeem zichzelf in stand houdt door de krachtige stroming. Een andere groep denkt dat het Westgat binnen de kortste keren weer dichtslibt."

Trefwurden: 
Lauwerseach haven Westgat
(advertinsje)
(advertinsje)