Fryske studinten moetsje inoar op krystkongres yn Frjentsjer

27 des 2018 - 17:59

De dei nei de krystdagen stiet foar in soad minsken yn it ramt fan it bekommen fan al it iten én de drank. Fryske studinten komme no just byinoar om bier te drinken. De Federaasje fan Fryske Studinteferienings hâldt nammentlik tongersdei en freed syn 86ste krystkongres yn Frjentsjer.

Frysk krystkongres

De Fryske studenten út ûnder oare Grins en Wageningen binne tongersdeitemoarn ûntfongen troch boargemaster Marga Waanders en ha dêrnei mei de hiele groep in stedskuier troch de stêd makke. De offisjele iepening wie ûnder de studinten sels en wie yn it âldste studintekafee fan Nederlân, de Bogt fen Guné.

Nije studinten

It oantal studinten dat nei it Fryske krystkongres komt, groeit mei de jierren. Sa binne der dit kear ek trije Fryske studinten út Delft by. Der wurde noch gjin spesjale aktiviteiten foar de Fryske leden fan de studinteferieningen organisearre, mar dêr soe de kommisje fan it kongres graach feroaring yn sjen.

Johanna Brinkman - Foto: Omrop Fryslân

De aktiviteiten op it kongres steane net allinnich yn it teken fan drank. Der wurdt ek in sympoasium mei ferskate gastsprekkers organisearre rûnom de tema's doursumens, technology en ynnovaasje. Fan 17 oere ôf giet it feest los en it duorret oant en mei freed.

(Advertinsje)
(Advertinsje)