Fryske top 100 noch nea sa populêr by publyk én artysten

27 des 2018 - 17:18

De Fryske top 100 is populêrder as ea by sawol it publyk, as de Fryske artysten. Op twadde krystdei kaam der in rekôrtal stimmen binnen foar de list mei de bêste Fryske nûmers. Mar leafst 51.825 stimmen, tsjin 37.570 stimmen ferline jier. Der binne dit jier ek 18 nije binnenkommers yn de Fryske top 100, wêrfan twa yn de top-10.

It belpanel hie it drok mei hûnderten telefoantsjes - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Opfallend is dat der in protte aksje fierd is om guon nûmers yn de Fryske top 100 te krijen. De Hûnekop en Piter Wilkens hawwe it measte oantal notearringen yn de list en komme beiden njoggen kear foar. Opfallend heech yn de list stiet Andries de Vries. Hy komt nij binnen op nûmer 15 mei syn liet 'Bist do makke foar my'. Ek Jos Harteveld is in hege nije binnenkommer mei it nûmer 'Bist yn myn hert' op plak 25.

Wurdearring

Al jierren stjoert Omrop Fryslân op âldjiersdei de Fryske top 100 út. Foar guon artysten betsjut in notearring in foarm fan wurdearring foar harren wurk. Marcel Smit: "De Fryske top 100 is sa stadichoan in stikje kultuer wurden. Ik bin der grutsk op dat myn ferskes der al jierren yn stean en dêrmei dus de wurdearring krije fan de leafhawwers fan de Fryske muzyk."

Utstjoering

De Fryske top 100 wurdt op 31 desimber fan 13.00 oant 00.00 oere útstjoerd op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. De folsleine list, útsein de top 10, is nei te lêzen op Frysketop100.nl.

Trefwurden: 
Fryske Top 100
(Advertinsje)
(Advertinsje)