Plysje-unifoarmen wurde net mear ferneatige, mar wer brûkt

27 des 2018 - 16:59

De plysje sil syn ôftanke unifoarmen tenei net mear ferneatigje, mar recycle. Alle jierren waard der 120.000 kilo klean en skuon fan de plysje ferbaarnd yn de ôffaloven. Dit om foar te kommen dat de unifoarmen yn ferkearde hannen fallen soene. Fan takom jier ôf wurde de klean wer brûkt. Yn Noard-Nederlân wurkje 4.000 minsken by de plysje.

Foto: Omrop Fryslân, Alle Faber

Wurdfierder Dovovan Atmopawiro oer de plysje-unifoarmen

"De grondstoffen kunnen voor meerdere dingen worden gebruikt. Zo kan de grondstof van de oude uniformbroek verwerkt worden in meubels, als tas of relatiegeschenk, als vulling van traumabeertjes en dienen als isolatiemateriaal. Ook kan er nieuw garen van worden gesponnen", sa stiet op de webside fan de plysje.

Klean dy't net werkenber binne, sa as wite oerhimden, helms en skuon wurde fia de tsjinst Domeinen oanbean oan opkeapers. Dy ferkeapje it meastal wer troch op de bûtenlânske merk. Helms en knibbelbeskermers wurde ek brûkt as oefenmateriaal op de Politieacademie.

Trefwurden: 
plysje unifoarmen
(Advertinsje)
(Advertinsje)