Finansjeel adviseur krijt selstraf foar it stellen fan pgb-jild

27 des 2018 - 16:22

In man fan 69 jier út Frjentsjer moat in healjier de sel yn, omdat hy hast fjouwer ton oan pgb-jild opstrutsen hat. Hy is finansjeel adviseur en hie it jild achteroerdrukt, wylst it net foar himsels bestimd wie. Hy moat it jild werombetelje.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It Iepenbier Ministearje easke in taakstraf fan 240 oeren. De rjochter fûn dy straf gjin rjocht dwaan oan de earnst fan de saak. Om foar te kommen dat de man wer sokke misstappen makket, krijt er in healjier sel en ek noch in healjier ûnder betingst.

De man behearde it pgb-jild fan minsken dy't dêr sels net ta by steat wiene. Sy makken it jild, dat bestimd wie foar it ynkeapjen fan soarch, oer op de rekken fan de finansjeel adviseur.

De rjochter seit dat de man it fertrouwen fan kwetsbere minsken misbrûkt hat.

Trefwurden: 
Frjentsjer rjochter PGB
(advertinsje)
(advertinsje)