Alde Skoalpaad by Wûns mei ôfsletten wurde foar it ferkear

27 des 2018 - 15:57

It Alde Skoalpaad by Wûns mei definityf ôfsletten wurde foar motorisearre ferkear. Allinnich fytsers en kuierders kinne tenei noch oer it smelle paad. Dat docht bliken út in útspraak fan de Ried fan Steat.

In gearkomste fan de Ried fan Steat yn Den Haag - Foto: Wikipedia, Creative commons

De gemeente Súdwest-Fryslân stie yn de saak tsjinoer André de Haan fan Wûns. De gemeente hat it paad op oantrúnjen fan de buorlju fan De Haan ôfsletten foar grut ferkear. De Haan wie it hjir lykwols net mei iens. De Ried fan Steat oardielet no lykwols dat De Haan syn wenning makliker fia de Tsjerkestrjitte as it Alde Skoalpaad berikke kin.

De Ried fan Steat fynt fierder dat de berikberens fan de wenningen oan it Alde Skoalpaad goed genôch bliuwt, nei ynfiering fan it ferbod. Sa kinne helptsjinsten sa as in ambulânse of de brânwacht de wenningen noch gewoan berikke.

Trefwurden: 
Wûns Alde Skoalpaad
(advertinsje)
(advertinsje)