Noardeast-Fryslân presintearret koälysje-akkoart: Trochpakke! Mei elkoar foarút

27 des 2018 - 15:30

De nije gemeente Noardeast-Fryslân hat in koälysje-akkoart, wêrmei't de partijen fan 1 jannewaris ôf oan de gong kinne. Dat akkoart waard tongersdei presintearre yn Dokkum. De koälysje fan fiif partijen, CDA, FNP, S!N, ChristenUnie en VVD, wol in tagonklike gemeente en is op tema's as mienskip, soarch, ekonomy en duorsumheid in programma oerienkommen. It akkoart hat de namme: Trochpakke! Mei elkoar foarút.

Sa wurde it iepenbier ferfier en oare foarsjenningen stimulearre of útwreide en de OZB foar doarpshuzen kompensearre. It foarkommen fan problemen mei jongeren of fan earmoed en skulden wurdt ynset troch ûnder mear in sûne libbensstyl te promoatsjen en mear ynformaasje oer drank en drugs te jaan.

Gearwurking

Maatwurk leverje by (jeugd)wurkleasheid, wenfoarmen en ûnderwiis fynt de nije koälysje belangryk. Fierder wolle de partijen ynspylje op de krimp fan de beropsbefolking om it gebiet ekonomysk oerein te hâlden. Dat wurdt dien troch ûnder oare gear te wurkjen mei oare gemeenten.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Oantreklik foar ûndernimmers

Troch bedriuweterreinen út te wreidzjen yn Dokkum, Hallum en Kollumersweach en it oanpakken fan ferkearsknyppunten moat de regio oantreklik wurde foar ûndernimmers. Winkels kinne sneins sels bepale oft se iepen wolle tusken tolve en seis oere.

Duorsumheid stimulearje

De gemeente is tsjin gaswinning, al giet it Ryk dêr oer. Sinnepanielen op dakken en it ferduorsumjen fan eigen kantoaren, lykas inisjativen foar it klimaat wurde stimulearre. Koartsein wol de nije koälysje de gemeente leefber en oantreklik hâlde.

(advertinsje)
(advertinsje)