Nijbouplannen foar molkfabrykterrein yn Wynjewâld
De gemeente Opsterlân wol op it terrein fan it âlde molkfabryk yn Wynjewâld in iepenbier húske en in mienskiplike foarsjenning realisearje. It moat diel útmeitsje fan it rekreatyf knooppunt yn de Turfrûte.
It molkfabryk yn it buorskip Klein Groningen is earder dit jier sloopt. Om fertutearzing fan it gebiet foar te kommen wol de gemeente der gau nijbou op sette. Dat sil duorsum boud wurde. De ried moat hjir yn de folgjende gearkomste noch mei ynstimme.