Takomst Garnalefabryk yn Moddergat stiet op losse skroeven

27 des 2018 - 13:59

De takomst fan it Garnalefabryk yn Moddergat is op 'e nij ûnwis. It bestjoer fan it museum kin it net iens wurde mei Anke Bijlsma, dy't sûnt twa jier ferskillende aktiviteiten ûntwikkele yn it gebou. Sy hâldt der fan 1 jannewaris ôf mei op. It bestjoer wol werom nei allinnich museäle aktiviteiten om de garnaal hinne, lykas fangst, transport en konsumpsje.

Takomst Garnalefabryk yn Moddergat

Bijlsma makke fan it ferliesjaande museum wer in aktyf sintrum mei tal fan kulturele aktiviteiten. Se begrypt net wêrom't it bestjoer werom wol nei de eardere sitewaasje. It fabryk waard mei mienskipsjild rêden fan de ûndergong, mar ûnderhâld fan it terrein is dreech en djoer en it leit der yntusken fertutearze by. "It bestjoer hat de ûntwikkeling fan it terrein hieltyd op de lange baan skood. En klanten seinen de hier wer op, at se seagen hoe't it der hjir by leit", fertelt Bijlsma.

Foto: Ministearje fan Ekonomyske Saken

It plan fan Bijlsma om it gebou oer te keapjen om it sa feilich te stellen foar de takomst, sjocht it bestjoer net sitten. En no't se sels konfrontearre wurdt mei in hierferheging fan tritich persint, is foar har de maat fol en hâldt se der mei op. "Ik wol hiel graach fierder, mar it museum hat oare prioriteiten", seit Bijlsma.

Anke Bijlsma - Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

Gert Heeringa, bestjoersfoarsitter, lit witte dat it museum en it museäle erfgoed yn eigen besit bliuwe moat. Se wolle dus wer werom nei de strikt museäle aktiviteiten. "We hebben lang overwogen om door te gaan met Anke Bijlsma, maar we konden het niet eens worden over de deelvoorwaarden", seit Heeringa.

De hier moat omheech om dy kostedekkend te krijen. As de eksploitaasje fan it museum net slagget, dan wolle se op 'e nij besjen wat se dan dwaan sille. Bijlsma jout oan dat se yn de takomst wer beskikber is, at se der mei it bestjoer wol útkomme kin.

Anke Bijlsma oan it wurd

(Advertinsje)
(Advertinsje)