Bakkerswinkel Marsum siket nije eksploitant
It doarpsbelang fan Marsum is hurd op 'e syk nei in nije eksploitant fan de bakkerswinkel. De winkel is eigendom fan it doarpsbelang. Yn maaie fan dit jier gie de fernijde bakkerswinkel iepen mei in nije eksploitant. Dy moat der no al mei ophâlde en dêrom wurdt der no mei faasje in nije socht.
Doarpsbelang wol foarkomme dat de winkel tydlik ticht moat, omdat der dan miskien in diel fan de opboude klanterûnte ferlern giet. Der is no hûs-oan-hûs in oprop dien.