Eaststellingwerf fjirde Fryske gemeente mei glêsfezel yn it bûtengebiet

27 des 2018 - 12:40

Kabelnoord kin begjinne mei de oanlis fan glêsfezel yn it bûtengebiet fan de gemeente Eaststellingwerf. Der binne genôch minsken dy't har oanmeld hawwe. It oantal ynskriuwingen moat boppe de 60 persint lizze en dat is slagge. Eaststellingwerf is nei Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen en Opsterlân de fjirde gemeente dêr't de glêsfezel de grûn yn kin.

Glêsfezel ynternet - Foto: Shutterstock.com

Kabelnoord docht yn alle Fryske gemeenten ûndersyk nei hoe'n soad belangstelling der is foar rap ynternet fia in glêsfezelkabel. De bewenners yn it bûtengebiet wurde oanskreaun. It kostet wol jild, sa'n 15 euro ekstra per moanne. As der teminsten 60 persint fan de minsken 'ja' seit, giet de oanlis troch.

De kabel komt dan yn guon gefallen ek te lizzen foar huzen dy't net meidwaan woene. Mochten de bewenners yn in letter stadium dochs beslute dat se wol oansluting wolle, dan kin dat. It kostet dan wol ekstra jild. Kabelnoord hat oeral yn Fryslân 'lokale ambassadeurs' om de minsken goed foar te ljochtsjen.

KPN

Eaststellingwerf is de earste gemeente dêr't ek KPN meidocht as provider, fia it dochterbedriuw Solcon. Foar guon bewenners is dat in foardiel, omdat se dan harren KPN-e-mailadres hâlde kinne. Dat Solcon meidocht, makke de kar foar guon ynwenners fan de gemeente makliker om mei te dwaan.

Niek Geelhoed, direkteur fan Kabelnoord

Kabelnoord hat opdracht om yn it hiele Fryske bûtengebiet glêsfezel oan te lizzen. Dat betsjut konkreet alle gemeenten, útsein Skylge en Flylân. De provinsje Fryslân hat it Dokkumer bedriuw jild liend, om dat yn trije jier tiid foar elkoar te krijen. Yn it foarjier fan 2021 moatte alle 20.000 perselen yn it Fryske bûtengebiet berikt wêze.

Foar Kabelnoord betsjut dizze put in ferdûbeling fan it oantal klanten, fan 20.000 nei 40.000. Direkteur Niek Geelhoed seit dat Kabelnoord in regionaal bedriuw bliuwt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)