Frijwilligers fan doarpskafee 's Lands Welvaren yn Wergea wurde eigener
Oardel jier lyn gie kafee 's Lands Welvaren yn Wergea fallyt. It kafee moast ticht, mar dat fûn in oantal doarpsbewenners mar neat. Alve manlju kamen by-inoar en betochten in plan om it kafee draaiende te hâlden.
"We krije in ûntsettend soad positive feedback. We sjogge noch hieltyd dat it drok is. Dat komt omdat we foar eltsenien wat besykje te organisearjen", seit Jan Willem Sinnema, oansprekpunt foar it doarp. Sa waard der in kuiertocht, in Gooische Bingo en in cantus foar de jongerein organisearre.
Al it jild dat der ynkomt, giet der fuortendaliks wer út, omdat it yn it pân stutsen wurdt. Yn tritich jier is dêr hast neat oan dien. "Elke sint dy't deryn komt, giet der ek wer út. Wy hoopje dat wy it gebou sa gau opknappe kinne", fertelt Adrie Boermans. Hy hâldt him benammen dwaande mei fergunningen en tekenwurk.
Frijwilligers 's Lands Welvaren
Elke moandei komme de manlju byinoar en wurdt der fergadere. Dan wurde alle aksjepunten bydel gien. De froulju binne der net altyd wiis mei dat harren keardels sa bot mei it kafee dwaande binne, mar fine it fansels ek in moai inisjatyf. Se hawwe sels meiholpen om it kafee yn krystsfear te bringen.