Lauwersmargebiet bestiet ynkoarten fyftich jier

27 des 2018 - 11:09

Oer in pear moannen bestiet de Lauwersmar fyftich jier. Yn maaie 1969 waard de mar ôfsletten fan de Waadsee. Dat wie nedich foar de feiligens. It Lauwersmargebiet is yn de rin fan de tiid in bysûnder natuergebiet wurden.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Wat it gebiet sa bysûnder makket, is de ûntwikkeling fan in eardere see nei swiet natuergebiet. Nei de wettersneedramp fan 1953 kaam de rop om de Lauwerssee ticht te smiten. Oan de Fryske kant lei der in feangebiet, dat folle leger lei as de Grinzer kant. Dêrom woene se de see yn Fryslân graach fuort hawwe. Der waard keazen foar in nije dyk.

It wetter is al hiel gau swiet wurden, fertelt Jaap Kloosterhuis fan Steatsboskbehear. Mei elts tij streamde it sâlte wetter nei bûten ta en kaam der nij swiet wetter by. De boppeste laach fan it lân wie ek al rap swiet.

Feestje

Reden foar in feestje dus. As it oan Kloosterhuis leit, bliuwt dat beskieden, mei in foto-eksposysje. "Misschien dat we in het gebied zelf ook iets doen met foto's, maar daarop zijn we nog aan het broeden", seit Kloosterhuis.

Jaap Kloosterhuis fan Steatsboskbehear oan it wurd

Trefwurden: 
Waadsee Lauwersmar Lauwerssee
(Advertinsje)
(Advertinsje)