Elkien stekt 14 miljoen yn duorsum hieren

Wenningboukorporaasje Elkien stekt takom jier 14 miljoen euro yn 280 wenten yn Súdwest-Fryslân; 170 dêrfan stean yn Snits. Njoggen miljoen fan de fjirtjin is foar it duorsumer meitsjen fan de huzen. Provinsjaal ynvestearret Elkien 47 miljoen euro yn harren wenten. De korporaasje hat 20.000 wenten.
Elkien stekt 46 miljoen euro ferbettering 1000 wenten takom jier
Lanlik is der koartlyn, yn it ramt fan in nasjonaal klimaatakkoart, mear bekend wurden oer it duorsumer meitsjen fan hierwenten en it beteljen dêrfan. Dat betsjut lykwols noch net dat de wenten dy't Elkien takom jier oanpakt, gelyk ek neffens dy noarmen ynrjochte wurde.
It wachtsjen is earst op wat de gemeenten dogge. Sy moatte yn 2021 mei plannen komme. Boppedat moat ek dúdlik wurde wat technysk de bêste oplossing wurdt. Foarearst giet it jild foaral nei in bettere isolaasje en it pleatsen fan sinnepanielen. Hierders binne net djoerder út troch dizze oanpak, sa seit Elkien-direkteur Harro Eppinga ta.
Harro Eppinga, direkteur fan Elkien