Omrop TIP: swinge mei it Frysk Sjongers Gala

27 des 2018 - 10:43

It Frysk Sjongers Gala, it muzykfeest dêr't it Fryske liet sintraal stiet, hat dit jier as tema 'multykultureel'. Gefoelige lieten, de echte meisjongers, âld en nij wurk yn in ferrassend jaske.

tip frysk sjongers gala

De artysten yn dizze edysje fan it Frysk Sjongers Gala binne Griet Wiersma, Piter Wilkens, Anneke Douma, Gurbe Douwstra, Basile Maneka, Denise Rivera. Andries de Vries, Ineke Dijkstra, Marjo de Bruin en Di Gojim.

It Frysk Sjongers Gala is ien fan de TV-tips foar de feestdagen. It programma is yn twa dielen op tongersdei 27 en freed 28 desimber te sjen fan 17.15 oere ôf.

Sjoch foar de folsleine programmearring of ynformaasje oer programma's op Omropfryslan.nl/tv. Ek op radio wurde om de feestdagen hinne tal fan spesjale programma's útstjoerd. Sjoch foar dat alles op Omropfryslan.nl/radio.

(Advertinsje)
(Advertinsje)