Misje folbrocht; sealesintrum Schaaf krijt nij libben

Zalen Schaaf yn Ljouwert hat wer in takomst. Eins soene dit de lêste dagen wêze foar it 221 jier âlde sealesintrum yn it sintrum fan de stêd. Mar troch yngripen fan de Ljouwerter gemeenteried bliuwt it iepen, en behâlden. De gemeente woe earst noch ûndersykje oft it ek sloopt wurde koe. Dy opsje is no lykwols fan de baan.
Sealesintrum Schaaf krijt nij libben
It bestjoer fan stifting Vrienden van Schaaf rint troch de seal. Dy is leech, kâld en it galmet. Dochs binne Frans van den Borg, Simon Ferwerda en Johan Juckers tefreden. Harren misje fan it ôfrûne jier is slagge: behâld fan de âlde seal. De stifting en Bobby Veenstra sette foar takom jier de aktiviteiten en in goede programmearring op. De kontrakten binne farsk tekene, sa waard ferline wike dúdlik yn in parseberjocht fan de gemeente. Veenstra is der bliid mei: "Foar my wie it tekenjen fan it kontrakt in hiel heuchlik momint. Ik bin grutsk dat ik hjir no ûnderdiel fan wêze mei."

Priisfraach foar de takomst

De gemeente Ljouwert hat dit jier in priisfraach útskreaun. Elkenien dy't dat hie, koe in plan yntsjinje foar in nije ynfolling fan Schaaf. Sloop waard dêrby earst net útsletten. Dat waard pas skrast neidat de gemeenteried ûnder lieding fan PAL GrienLinks yn aksje kaam. Wia van Gelderen is adviseur fan it bestjoer fan de freonen fan Schaaf: "We wiene der echt wiis mei dat guon riedsleden har ynteressearre ha foar dit sealesintrum. It hat sa'n lange skiednis, dy kin je net samar fuortdwaan." Dochs rint de priisfraach noch hieltyd. Veenstra: "It bliuwt boppe de merk hingjen. It is net in 'zwaard van Damocles', mar dochs rint it kontrakt mar foar in jier. Dan kin je net echt ynvestearje yn de takomst."
© Google Streetview

'De Bende van Vier'

Dy takomst is te tankjen oan de 'Bende van Vier', it bestjoer fan stifting Vrienden van Schaaf. De stifting is in healjier lyn yn sân hasten oprjochte troch Frans van den Borg: "Ik zat in Frankrijk en hoorde allemaal verhalen over sluiting. Ik ben zo snel als mogelijk terug gegaan en heb besloten een stichting op te richten." It doel wie om in fûst te meitsjen tsjin de gemeente, mar benammen om Zalen Schaaf iepen te hâlden. Der waard in sterke lobby opset, mei as resultaat dat se yn elts gefal in jier fierder kinne.
Van den Borg: "Dan kunnen we zelf ook aan plannen voor de toekomst werken." It bestjoer wol de kommende perioade ek dúdlik krije wat der yn de buert no krekt allegear libbet. Johan Juckers: "Van het geluid binnen kunnen mensen geen last hebben. Het is gewoon goed geïsoleerd en toekomstbestendig. Maar we moeten wel met de klagers om tafel. Om zo duidelijk te krijgen wat nu precies de angel is en wat we daar aan kunnen doen. Daar moeten we het over hebben."

Seal fol skiednis

It gebou moat al in goede opknapbeurt ha, fynt ek it bestjoer. Van Gelderen: "Ja, dat moat ek. It is gjin boufal en it is ek goed te brûken. Mata Hari hie hjir har earste dûnslessen bygelyks." Der wurdt troch tal fan partijen in soad gebrûk makke fan de seal. Sa wie der in oantal bokswedstriden. Van Gelderen: "Dûnsskoalle Saco Velt hat hjir de eksamens, der is leechdrompelich teäter, bingojûnen, nim mar op. It is in seal fan de Ljouwerters."
It bestjoer fan Zalen Schaaf © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
In plan foar de takomst kin wêze it gebou te brûken as ien fan de saneamde 'briedplakken'. Dêr moatte jonge minsken de romte krije om har te ûntwikkeljen. Juckers: "Die jongeren kunnen hier dan terecht. Dat is vooral overdag en geeft ons weer de ruimte om 's avonds een goede programmering neer te zetten." It bestjoer is wiis mei alle help dy't se krigen hat en alle hântekens dy't ynsammele binne. "Fantastisch is dat, om te zien hoeveel mensen passie hebben en willen helpen om dit hier overeind te houden. Wij kunnen nu aan de slag met de toekomst", ferfolget Juckers.
Yn it begjin fan it nije jier, op 6 jannewaris, wurde alle frywilligers yn it sintsje set.