Kollum: "House of Cards"

27 des 2018 - 07:32

"It bêste YouTube-filmke fan 2018 kaam op it nipperke noch, flak foar de krystdagen. Ik ha it oer it filmke fan akteur Kevin Spacey, bekend fan syn rol as Francis Underwood yn de Netflix-searje House of Cards. Trije minuten lang krûpt Spacey wer yn syn alter ego, neidat hij in jier lyn dy rol kwytrekke, om't er yn opspraak kaam troch seksuele eskapades.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

In akteur sei dat Spacey him oan him fergrypt hie, doe't hy fjirtjin wie - in gefal fan 'Me Too'. Ek oare manlju hawwe sein dat Spacey soks by harren dien hat. Frank Underwood ferdwûn dêrnei út House of Cards. It filmke ferskynde letterlik in pear minuten foardat bekend waard dat Spacey offisjeel oanklage wurdt foar it him fergripen oan de teener. CNN neamt it filmke 'bizarre', reputaasje-eksperts neame it yn De Morgen 'een totale fuck-up', mar oaren neame it better as it lêste seizoen fan House of Cards.

Spacey seit dingen as "Ik liet dy sjen wêr't minsken ta yn steat binne. Ik sjokkearre dy mei myn earlikheid, mar dêrmei sette ik dy foaral oan it tinken", en "Ik wit watsto wolst. Do wolst my werom", en "Ik kin dy dit belove. As ik net de priis betelje foar de dingen dêr't we beide fan witte dat ik se dien ha, dan sil ik wis net de priis betelje foar de dingen dy't ik net dien ha". Hy beslút mei "Miss me?". En lit it oan 'e rest fan 'e wrâld om dêr sûkelade fan te meitsjen.

Dit wie it jier wêryn't Time Magazine de minsken efter 'Me Too' ta 'Person of the Year' útrôp. Spacey's punt is yn elk gefal: wat tinke wy dat hy dien hat, en wat is der bewiisd? Dêr meie we fan Spacey oer neitinke. We meie neitinke oer oft we him feroardielje foar eat dat hy dien hawwe soe, en dat fergelykje mei ús eigen djippe en tsjustere geheimen. Dat Spacey dit filmke publisearret op de ûnderstelde bertedei fan de persoan dy't ús it fergelyk brocht hat tusken de splinter yn it each fan de oar en de balke yn it eigen each, is fansels gjin tafal.

Lit ûnbehindere dat in man fan 26 mei syn poaten fan jonges fan 14 ôfbliuwe moat. Ferjit net om sokke ferhalen altyd te besjen fanút it perspektyf fan sokke jonges, of sa't yn de measte gefallen fan 'Me Too' is, de froulju en famkes dy't tsjin harren wil mei optwingerige mannen te krijen hân hawwe. Dat soarte fan mannen kin opsokkebalje; foar harren tsien oaren dy't al witte hoe't je jin hâlde en drage moat."

(advertinsje)