Ljouwerter sjocht te djip yn it gleske en mei kroech net yn

27 des 2018 - 07:17

In 49-jierrige Ljouwerter is woansdeitejûn oppakt troch de plysje, om't er him misdroech yn de stêd. Krekt foar alven krige de plysje in melding fan in portier, dy't sei dat er in lestige man foar de doar stean hie.

Plysje logo - Foto: Omrop Fryslân

De man wie dronken en mocht fan de portier net nei binnen ta, mar dêr wie de dronkenlap it net mei iens. Ek nei oare kollega's harke er net. De plysje hold de man oan foar iepenbier dronkenskip.

(advertinsje)
(advertinsje)