Tsjalk De Goede Verwachting moat wer sile kinne

26 des 2018 - 20:43

Mei in dik fest oan en in skrabber yn de hannen is Hylkje Blaauw drok oan it fetskrabjen yn tsjalk De Goede Verwachting. It skip hat tritich jier net syld, mar dat moat wol wer gebeure. Hylkje har broerke, Romke Blaauw, hat it skip kocht fan in stel út Starum dat der jierrenlang op wenne. Romke Blaauw wol der ek wer op wenje, mar ek mei sile. Foardat it safier is, moat der noch hiel wat gebeure. Dat docht er net allinnich, want hy kin rekkenje op help fan syn sus en kammeraten.

Tsjalk De Goede Verwachting - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

De tsjalk leit op 'e wâl, bûten by de loads fan heit Piet Blaauw yn Starum. Der wurdt hurd wurke om de 22 meter lange tsjalk klear te krijen. Blaauw hat it skip yn augustus kocht en der is al flink wat gebeurd. "De roef is der ôfhelle en der is in nij en ferhege roef op kaam", fertelt Romke Blaauw. Ek de bolders binne nij. "De kappen moate der noch ôf, dêr komme stielen platen op. Dy binne fannemoarn binnen kaam", fertelt hy grutsk.

Lisplak yn Starum

Blaauw wie al langer op syk nei in sylskip om op te wenjen. "Ik strúnde wat op Marktplaats en Facebook en doe kaam dit skip foarby, yn myn eigen wenplak mei in lisplak", fertelt Blaauw. "Dat is net maklik tsjintwurdich. Stêden wolle graach moaie skippen lizzen ha, mar der wurdt hast noait in plak tastien. Dit is it iennige skip dat in lisplak yn de stêd Starum hat", fertelt hy.

Kratsje bier mei tsiis en woarst

Der moate fertrekken yn komme sadat syn kammeraten simmers mei te silen kinne. Blaauw krijt dan ek help fan syn freonen. "Dat fine se wol moai hear, nei it klussen efkes in kratsje bier en wat tsiis en woarst, dat is wol moai", laket hy. De roef moat de sfear krije fan in 'bruin café'. "Foar de rest moat ik it noch efkes sjen. As de flier deryn leit, kinne we it dêr wat op tekenje hoe't it komt", fertelt Blaauw.

Romke en syn tsjalk

Sus Hylkje Blaauw is drok oan it wurk yn it skip, mar dat fynt se net slim. "Ik bin hiel bliid foar myn broerke dat er dit skip kocht hat", fertelt se. "Dit is miskien wat in smoarge klus, mar it moat ôf. Takom simmer moate we der mei ús allen mei sile kinne." It is de bedoeling dat it skip meidocht oan de Pieperrace. Of dat yn 2019 al slagget, is de fraach, en oars mar yn 2020. Se doarre it noch net te sizzen. "As we der oait oan meidwaan kinne, soe dat super wêze", seit Romke Blaauw.

De tsjalk hat de namme De Goede Verwachting en dat bliuwt neffens Blaauw ek sa. "Myn heit en kollega's hienen al in grappige namme betocht. De Hoop op Bijstand, mar dat doch ik mar net", laket hy.

Skaaimerken fan De Goede Verwachting

Lingte: 22 meter

Breedte: 4,80 meter

Boujier: 1916

Skipswerf: Wolthuis Sappemeer

(Advertinsje)
(Advertinsje)