Krystkuier Trynwâlden lûkt mear as 250 rinners

26 des 2018 - 19:10

Goed 250 minsken hawwe twadde krystdei oangrepen om de ekstra krystkilo's kwyt te reitsjen by Tryn's krystkuier yn de Trynwâlden. Fan startplak Gytsjerk koene de dielnimmers in trajekt rinne fan 9 kilometer.

Krystkuier Trynwâlden

Stichting Trynwâlden op de Kaart organisearre de tocht foar de tredde kear. De kuiertocht is bedoeld om minsken mei elkoar yn 'e kunde te bringen, jong en âld oan it bewegen te krijen en oandacht te freegjen foar duorsumens.

Trefwurden: 
Trynwâlden krystkuier
(Advertinsje)
(Advertinsje)