Rekôr foar Fryske top 100: hast 52.000 stimmen útbrocht

26 des 2018 - 18:20

In rekôr oantal stimmen is der dit jier útbrocht op de Fryske top 100. Doe't de stimbus om 18.00 oere tichtgie, waarden der 51.825 stimmen teld. It oantal minsken dat stimd hat, leit op 10.365. Ferline jier kamen der 37.570 stimmen binnen.

Rekôr foar Fryske top 100

Twadde krystdei wie de lêste dei dat der stimd wurde koe foar de list mei de bêste Fryske nûmers. Yn de studio by Omrop Fryslân siet in belpanel mei bekende Friezen klear, om de stimmen oan troch te jaan. Der koe de ôfrûne wiken al rûnom yn de provinsje yn stimhokjes stimd wurde en ek online fia Frysketop100.nl en de Omrop-app.

Soad reaksjes

Sjonger Joop Obama siet yn it belpanel en krige in soad reaksjes oer de útstjoering fan de lêste stimdei. "Minsken dy't fertelle dat se mei de famylje sitte te iten en of mei de man op de bank mei in bierke. Prachtich, geweldich! In soad minsken wachtsje ek spesjaal oant dizze dei om te stimmen."

Presintator Arjen de Boer siet foar it earst yn it belpanel en fûn it prachtich om te dwaan. "Ik fyn it gewoan gesellich, even kletse mei de minsken thús en se binne der allegear drok mei dwaande."

It belpanel hie it drok mei hûnderten telefoantsjes - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

In kompilaasje fan de lêste stimdei foar de Fryske top 100

Nijkommer Oele Plop krige samar syn heit oan de telefoan en dy stimde fansels op... syn soan Oele Plop, oftewol Lieuwe Paulusma. De sjonger hie dat net organisearre, seit er. "Ik wist it net. Se hiene earst Joop Obama en hy sei 'ik wol net mei dy prate'. Doe hat er apart noch in kear belle om my derfoar te krijen." Oele Plop is mei it nûmer 'Ik wie smoar' ien fan de favoriten en hy tinkt sels boppe-oan de list te einigjen. "Ik ferwachtsje nûmer ien, dan gean ik smoar!"

Jukebox

Alle stimmers meitsje dit jier kâns op de Fryske top 100 jukebox. De jukebox wurdt op 31 desimber fuortjûn yn de útstjoering.

Wa komt op nûmer ien?

Al jierren stjoert Omrop Fryslân op âldjiersdei de Fryske top 100 út, foar in soad Friezen it ideale programma om it jier mei ôf te sluten. Ferline jier kaam der in opfallend heech oantal nije nûmers de Fryske top 100 binnen. It nûmer 'Cliffs of Moher' fan Gurbe Douwstra einige doe op it earste plak. Neffens de foarsizzing fan Kening Kongo sil dat dit jier ek wer sa wêze.

Oantal stimmers op Fryske top 100

De Fryske top 100 wurdt op 31 desimber fan 13.00 oant 00.00 oere útstjoerd op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Jan Dirk de Haan en Diana de Groot - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Trefwurden: 
Fryske Top 100
(Advertinsje)
(Advertinsje)