Wâlden yn 'e besnijing fan ferburgen skat De Vrije Piraten

26 des 2018 - 17:22

De Vrije Piraten binne in hit yn de Fryske Wâlden mei dizze krystdagen. Harkers witte de piratestjoerder folop te finen en freegje soms wol oant trijehûndert platen de oere oan. De frijwilligers dogge de útstjoeringen út in pleats oan de Foarwei yn Kollumersweach wei. Oant en mei âldjiersjûn seis oere draaie de piraten de fersykjes dy't binnen komme.

De Vrije Piraten en it sykjen nei de skat

Foar de lêste twa wiken yn 't jier freegje de piraten in fergunning oan by it Agentschap Telecom en it Commissariaat voor de Media. Foar de fjirde kear yn it 19-jierrige bestean fan De Vrije Piraten kinne harkers nei oanwizingen op de stjoerder ek op syk nei in skat, dy't earne yn de omkriten ferburgen is.

De Vrije Piraten - Foto: Omrop Fryslân

Sven Keizer fan De Vrije Piraten

Filmkes fan it skatsykjen binne pleatst op de Facebookside fan De Vrije Piraten. Immen dy't de skat fynt, moat in nûmer belje. Dêrnei krijt hy of sy 250 euro. Om fjouwer oere hinne koene De Vrije Piraten melde dat de skat fûn wie.

"Ze zijn door heel Friesland geweest maar ze hebben de schat gevonden. Alette, Rianne, Henkie Machiela gefeliciteerd", falt op Facebook te lêzen.

Foto: Facebook, De Vrije Piraten
(Advertinsje)
(Advertinsje)