Al stimd op de Fryske top 100? It kin noch krekt

Twadde krystdei is de lêste dei dat der stimd wurde kin foar de Fryske top 100, de list mei de bêste Fryske nûmers. De list wurdt gearstald troch dy! Der kin noch de folsleine middei stimd wurde.
© Omrop Fryslân

Jukebox

Der koe de ôfrûne wiken rûnom yn de provinsje yn stimhokjes stimd wurde. Yn de studio sit op twadde krystdei in belpanel mei bekende Friezen klear, om de stimmen oan troch te jaan. Fansels kin der ek online stimd wurde, fia Frysketop100.nl en de Omrop-app. Alle stimmers meitsje kâns op de Fryske top 100 jukebox. De jukebox wurdt op 31 desimber fuortjûn yn it programma.

Fryske top 100

Al jierren stjoert Omrop Fryslân op âldjiersdei de Fryske top 100 út, foar in soad Friezen it ideale programma om it jier mei ôf te sluten. Ferline jier kaam der in opfallend heech oantal nije nûmers de Fryske top 100 binnen. Wa komt dit jier it heechste binnen en wurdt Gurbe Douwstra mei 'Cliffs of Moher' fan it earste plak stjitten?
De Fryske top 100 wurdt op 31 desimber fan 13.00 oant 00.00 oere útstjoerd op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.