Auto tsjin beam by Eastermar, bestjoerder ferwûne

26 des 2018 - 14:37

In automobilist is twadde krystdei ferwûne rekke, doe't dy op de Seadwei by Eastermar mei de auto tsjin in beam ried. Hoe't dat gebeure koe, is noch net dúdlik. It slachtoffer is troch de brânwacht út de auto helle en dêrnei oerbrocht nei it sikehûs.

Helpferliening by it ûngelok by Eastermar - Foto: De Vries Media

Hoe't de bestjoerder der oan ta is, is net bekend. De auto rekke slim skansearre en is fuorthelle troch in bergingsbedriuw. De Seadwei hat fanwegen it ûngelok in skoftke ôfsletten west.

Trefwurden: 
ûngelok Eastermar
(Advertinsje)
(Advertinsje)