RK-tsjerke hopet foar restauraasje op jild Feansters

26 des 2018 - 13:54

De roomsk-katolike tsjerke op It Hearrenfean hopet dat Feansters jild jaan wolle foar de restauraasje fan de tsjerketoer. It bestjoer fan de tsjerke is dêrom in crowdfundingsaksje start. Neffens harren is de tsjerke in byldbepalend gesicht yn it sintrum fan It Hearrenfean en mei dat net ferdwine.

RK-tsjerke hopet foar restauraasje op jild Feansters

It dak fan de tsjerketoer moat restaurearre wurde. De laaien soene nammentlik loslitte kinne en dat kin foar gefaarlike sitewaasjes soargje. Om it dak te ferfangen, is mear as 200.000 euro nedich. Foar in part wurdt dat betelle troch de provinsje, subsydzjes en eigen jild fan de tsjerke. Mei de crowdfundingsaksje hopet de tsjerke sa'n 120.000 euro op te heljen.

It bestjoer fan de tsjerke docht dêrby in berop op de Feansters, fertelt vice-foarsitter Hans Plat: "Het is een gebouw dat prominent in Heerenveen staat. Wij hopen dat bewoners het belang daarvan inzien en meehelpen om de zaak weer mooi en veilig te maken."

Foto: Omrop Fryslân

Crowdfunding foar RK-tsjerke It Hearrenfean

Heal jannewaris sil der úteinset wurde mei de ferfanging fan de laaien. "Dat is echt van belang", sa seit Plat. "Er is vorig jaar aan de achterkant één naar beneden komen zeilen. Dat moeten we niet hebben en daarom willen we het goed aanpakken."

(Advertinsje)
(Advertinsje)