Friezinne yn de Australyske rekôrwaarmte: "Airco oan, pet op en goed ynsmarre"

It is ekstreem hjit yn Australië. No binne se dêr wol wend om de krysttiid te fieren as it waarm is, mar op dit momint is it op it hjitste plak 49 graden. Dat is 8 oant 12 graden waarmer as normaal. In rekôr. De 19-jierrige Friezinne Anna Jouta fan Hallum wurket as au pair yn Australië.
Anna Jouta © Anna Jouta
Fanwegen de ekstreme waarmte, wurde oeral yn it lân maatregels naam. Sa wurdt it advys jûn om it rêstich oan te dwaan, it skaad op te sykjen en foldwaande te drinken. Anna fernimt dat dit serieus naam wurdt yn Australië: "Minsken ha ek de airco oan en besykje safolle mooglik tusken tsien oere moarns en trije oere middeis binnen te bliuwen."

"No hat, no play"

Anna past yn Australië op bern, dus ek sy sels moat goed rekken hâlde mei de waarmte. "Bern moatte hjir in pet op tsjin de sinne. We sizze hjir 'no hat, no play', oftewol, 'gjin pet, net boartsje'. Sa moat it risiko op in sinnestek en ferbaarnen beheind wurde. "Ek wurde de bern hjir goed ynsmard tsjin de sinne", seit Anna.
'No hat, no play' © Anna Jouta

Krystdagen yn de simmer

It fieren fan de krystdagen yn it waarme Australië is in bysûndere ûnderfining, fynt Anna. "It fielt net as kryst. Mar it befalt hjir wol. Lekker waar, bûten barbecueë, nei it strân... allegear simmeraktiviteiten!", laket Anna.
Anna Jouta yn Australië