FNP: lieningen dupearre bioboeren ûndersykje

De FNP freget it Kolleezje fan Deputearre Steaten oft it mooglik is om in liening te jaan oan Fryske boeren dy't troch de Haagske fosfaatwetjouwing yn de knipe sitte. In pear jier lyn hat de provinsje dat ek dien doe't der in protte skea wie troch mûzen. Troch kontakten mei boeren hat de FNP begrepen dat in liening útkomst biede kin om fallisseminten foar te kommen.
Kij © Shutterstock.com

Dupe

It giet meast om biologyske en/of grûnbûne boeren. Boeren dy't troch harren wurkwize faak al hiel ekstinsyf wurkje en dêrtroch in fosfaattekoart hawwe op eigen grûn. Mar omdat grutte, yntinsive boeren fierstente folle dong produsearre hawwe en der no in reduksje plakfine moat, binne ek de lytsere en biologyske boeren de dupe, fynt de FNP.

Liening

De partij wol no witte oft it mooglik is om te kommen ta in liening foar agraryske ûndernimmers yn Fryslân waans bedriuwskontinuïteit gefaar rint troch de fosfaatproblematyk.
De FNP freget him dêrby ôf oft der tagelyk mooglikheden binne om de lieningen foar dit doel te keppeljen oan de eigen beliedsdoelstellings fan de provinsje op it mêd fan natuerynklusive lânbou. Dy moatte dan yn it foarste plak ynset wurde foar biologyske en/of grûnbûne boeren dy't oantoanber yn de knipe kommen binne troch de lanlike fosfaatwetjouwing.