Herbergier Harns: net foar de soarch, mar foar de minsken

26 des 2018 - 11:08

In goed jier lyn begûnen Tom en Ans Visser 'Herbergier Harlingen': in lytsskalige wenfoarsjenning foar minsken mei geheugenproblemen sa as demintens. Ans wurke al yn de soarch, mar miste it echte kontakt mei minsken yn de reguliere soarch. No in jier letter wennet de famylje Visser mei harren twa bern en achttjin minsken mei in geheugenprobleem yn in âlde basisskoalle.

Yn it jier dat Herbergier Harlingen iepen is, binne der al in soad bysûndere mominten west, fynt Ans Visser: "Ik tink dat wy hast wol in boek skrieve kinne. Sowieso de kleine onderonsjes en de grapkes die su nu dan maakt worde. En ook wel hilarische momenten die deur de dementie ontstaan, dat wy der oek met ons allen om kunnen lachen."

Balâns wurk en privee

Dochs is it wurk bytiden ek swier, seit Ans. "De balans tusken wurk en privee is swier. Wy wenje yn de Herbergier, dus wy binne der altyd by. Ik bin 's nachts altyd de achterwacht." Ans en har man binne dan ek dwaande wurk en privee yn balâns te bringen. "We hawwe de struktuer no goed ynboud yn de Herbergier, dus no kinne wy fierder struktuer oanbringe yn ús eigen libben."

Ans en de Herbergier

(Advertinsje)
(Advertinsje)