Meardere ynbraken yn Dokkum op earste krystdei

26 des 2018 - 09:10

It dievegilde hat him op earste krystdei neffens de plysje yn Dokkum neat oanlutsen fan it wolbehagen fan in oantal ynwenners fan dy stêd. Der waard tiisdei yn fiif wenningen oan de Iepenleane en de Bronleane ynbrutsen. Dêrby binne jild en sieraden meinommen. De plysje hat noch gjin spoar fan de ynbrekkers en ropt tsjûgen op harren te melden.

Ek yn Bakkefean binne op earste krystdei sieraden stellen út in wenning op it Djippegatspaad. Ut in wenning oan de strjitte de Nijverheid yn Drachten is tiisdei jild stellen.

Crossmotors

Ut in skuorre oan de Schwartzenbergleane yn Drachten binne trije crossmotors stellen. De plysje siket noch nei de dieders fan de ynbraken en freget tsjûgen kontakt op te nimmen.

Trefwurden: 
ynbraak Dokkum
(advertinsje)