Autobannen yn de brân yn fytstunnel op De Harkema

25 des 2018 - 22:10

Der binne tiisdeitejûn autobannen yn de brân stutsen yn in fytstunnel op De Harkema. Dêrby is in soad reek en stank frijkaam.

Foto: Omrop Fryslân

De reek hong koarte tiid boppe de Betonwei, in drokke dyk by De Harkema del. It ferkear hie dêrtroch even min sicht.

De brânwacht út Droegeham hat it brântsje en de reek útmakke.

It is net foar it earst dat yn de fytstunnel Mallemoune autobannen yn de brân stutsen wurde. Neffens de brânwacht bart dat benammen yn dizze tiid fan it jier faker.

Trefwurden: 
De Harkema brân fytstunnel
(Advertinsje)
(Advertinsje)